It Gysbert Japicxhûs - geboortehuis van Gysbert Japicx

It Gysbert Japicxhûs - geboortehuis van Gysbert Japicx Geboortehuis van de Friese schrijver en dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Dit is de Facebook-side fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting.

11/09/2025

𝗔𝗹𝗲𝗻 𝗛𝗿𝘂𝘀𝘁𝗶𝗰 ú𝘁 𝗗𝗲 𝗝𝗼𝘂𝘄𝗲𝗿 𝘄𝗶𝗻𝘁 𝗱𝗲 𝗟𝘆𝘁𝘀𝗲 𝗚𝘆𝘀𝗯𝗲𝗿𝘁 𝗝𝗮𝗽𝗶𝗰𝘅𝗽𝗿𝗶𝗶𝘀 𝟮𝟬𝟮𝟱! 🥳 De Lytse Gysbert Japicxpriis is dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Alen waard hjoed ferrast troch wethâlder Petra van den Akker fan Gemeente Súdwest-Fryslân .

Alen Hrustic (13), dy’t foar de simmer noch yn groep 8 fan OBSTrijegeaster Honk yn Ousterhaule siet, skreau it gedicht 𝘉𝘦𝘳𝘨𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘥𝘫𝘪𝘱𝘱𝘦 𝘥𝘦𝘭𝘭𝘪𝘯𝘨𝘦𝘯 en wûn dêrmei de priis.

De sjuery besteande út Tialda Hoogeveen, Wybo Smids en Gertrud Palstra seit oer it gedicht: “It is echte poëzy, makket yndruk, hat sterke bylden en jout pikefel. It ûnderwerp dat Alen beskriuwt, oarloch, is like universeel as persoanlik, trochdat it net allinnich oer syn oarloch, mar úteinlik oer alle oarloggen giet. Dat makket it pynlik aktueel. […] Dat de skriuwer as memmetaal Bosnysk/Nederlânsk hat, it gedicht yn dizze taal fan syn hert opskreaun hat en dêrnei sels de muoite naam hat it oer te setten nei it Frysk, fertsjinnet grutte wurdearring.”

Op sneon 11 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwer Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje.

Lês hjir mear oer de Lytse Gysbert en de Gysbert Japicxpriiswike 👉🏼https://tinyurl.com/LytseGysbertJapicxpriis2025
📸 Simon Bleeker

28/08/2025

Adres

Wipstraat 6
Bolsward
8701HZ

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer It Gysbert Japicxhûs - geboortehuis van Gysbert Japicx nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact Het Museum

Stuur een bericht naar It Gysbert Japicxhûs - geboortehuis van Gysbert Japicx:

Delen